|
Efkes foarstelleIk bin Henk, wenje yn Seisbierrum (it moaiste doarp fan Nederlân, dat moat ek wol mei sa'n namme). Ik wurkje by de Keninklike Marine yn Den Helder as in soarte fan elektronika techneut. ProgrammearjeIen fan myn hobby's is it wurkjen mei PowerBASIC,
in hiel moderne programmeartaal mei allegearre nijmoaderige dingen, dy't men yn in bulte
oare programmeartalen misse moat. Ik brûk it foar it programmearjen fan sawol lytse as
grutte programma's. It is ùt te wreidzjen mei bibleteken foar Windows, Netware
ensafuorthinne. In oanrider foar de serieuze programmeur. PowerBASIC war leverje troch de importeur ùt Harns, ut Fries Computer Bedrijf/FCB (ut Frysk Kompjûter Bedrjow), mar no net meer. Troch de eter de wrâld yn't rûnNeist it programmearjen en in nustje oare hobby's dy't hjir ût mei
stean, bin ik ek radio amateur. Hjirmei kin ik sawat eltsenien dy't in koarte-golf sender
yn 'e hûs hat, berikke. Sû 1981 haw ik ûnder de namme PA3BLP dwaande west en haw ik in
bulte kontakten hân mei oare amateurs, wol oar de hiele wrâld. It loggen fan ferbindings
kin fansels net allegearre ùt 'e holle; dan soe men in kop hawwe moatte as in almanak. Ferskate oare hobby'sOm it mar wat koart om 'e hoeke te hâlden: motorride, muzyk,
reizgje, jild ùtjaan en noch folle mear. Feitlik te folle om hjir op te neamen. Stjoer
mar ris in e-mailtsje.
Lêst nijsjoen op: oktober 2015 21:10:12 |
|